Plysje: moard en selsmoard yn Sânhuzen

De plysje hat de deadsoarsaak fan it echtpear yn Sânhuzen bekend makke. It is in kombinaasje fan moard en selsdeading. Ut it ûndersyk is dúdlik wurden dat de 41-jierrige man syn 34-jierrige frou yn de nacht fan freed op sneon om it libben brocht hat en dêrnei himsels tekoart dien hat. Relaasjeproblemen lykje de oanlieding te wêzen.
Neffens boargemaster Van Klaveren wie it gesin bekend by de plysje en by helpynstânsjes.
Plysje en Iepenbier Ministearje ha twa dagen ûndersyk dien. Der wienen gjin spoaren dat oaren it echtpear ombrocht ha soenen. Nei alle gedachten is oan de moard rûzje foarôfgien. Oer de omstannichheden hoe't dat bard is, wurdt neat bekend makke út earbied nei de neibesteanden ta.