Follybalsters Snits winne fan Peelpush

De follybalsters fan VC Snits hawwe snein goeie saken dien. De ploech fan coach Petra Groenland wûn de útwedstriid tsjin Peelpush út it Limboarchske Meijel mei 3-0. De setstannen wienen 25-16, 25-22 en 25-15. VC Snits komt dêrmei stevich oan de lieding yn de earedifyzje. De nûmer twa, Alterno út Apeldoorn, ferlear sneon ferrassend mei 3-0 fan Set Up.
Snits hat no 33 punten. Alterno stiet noch wol twadde mei 28 punten.