Sábliková kampioen, Wüst sulver, De Jong brûns

Martina Sábliková is foar de fiifde kear Europeesk kampioen allround wurden. Op de ôfslutende 5000 meter wie de konkurrinsje net by steat om de Tsjechise te ferslaan. Ireen Wüst hie it wol wollen, mar koe it net. Sábliková wûn mei oermacht yn 6.58.44. Yn it einklassemint waard Ireen Wüst twadde en Antoinette de Jong hiel moai tredde. Wüst klokte op de 5 km 7.10.65. goed foar it fjirde plak. Marije Joling waard twadde yn 7.10.10 en fjirde yn it einklassemint. Antoinette de Jong, fiifde yn 7.11.83, pleatse har mei Ireen Wüst foar it WK allround.