Sven Kramer net tefreden oer 1500, mar wol oan de lieding

10 jan 2016 - 14:40

Sven Kramer hat de oanfal fan Jan Blokhuijsen op de 1500 meter op it EK allround yn Minsk ôfslein. Kramer, op wei nei syn achtste Europeeske titel, fersloech syn útdager yn de lêste rit: 1.48.08 om 1.48.79. Foar Kramer betsjutte dat in fiifde plak, Blokhuijsen waard njoggende. De winst wie foar de Rus Denis Yuskov yn 1.45.18. De Belch Bart Swings waard twadde yn 1.46.41, de Poal Jan Szymanski tredde yn 1.47.48. Sven Kramer hâldt de lieding, foar Swings, Yuskov en Blokhuijsen. Op de 10 km kin er dien wurk meitsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)