Plysje pakt tal fan fjochtersbazen op yn Ljouwerter sintrum

10 jan 2016 - 10:20

De plysje Ljouwert hat sneontenacht nei fjouwer oere yn it sintrum fan de stêd sân minsken oanholden. In Ljouwerter fan 32 is oanholden omdat er de portier fan in kafee oan it Ruterskertier bedrige hie. In boksbeugel is yn beslach nommen. Hy mei foarearst net yn de Ljouwerter hoareka komme.

Twa Ljouwerters fan 21 en 22 jier binne op de Nijstêd oanholden omdat se in fjochtpartij oan it útlokjen wiene. Itselde jildt foar twa jonges fan 18 en 20 jier, sy wiene ek belutsen by in fjochtpartij.

In man fan 22 jier is oanholden omdat hy fjochtsje soe mei in plysjeman.
By in hoarekagelegenheid op it Ruterskertier is in man fan 35 út Dronten oanholden omdat er in plysje yn it gesicht slein hie. Op kamerabylden wie te sjen dat hy wat út syn bûse helle en fuortsmiet. Letter die bliken dat dat in 50-eurobiljet wie mei kokaïne deryn.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje fjochterij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)