Ariëns en Ensing winne maraton Eindhoven

09 jan 2016 - 23:07

Crispijn Ariëns hat yn Eindhoven de trettjinde maraton om de KPN Cup wûn. De ynwenner fan Wolvegea wie yn de einsprint rapper as de Italiaan Fabio Francolini en Hoogevener Ingmar Berga. Dy lêste bliuwt lieder fan it klassemint. By de froulju pakte Janneke Ensing har sechsde oerwinning fan it seizoen. De ynwenster fan Gieten kaam solo oer de einstreek en bliuwt klassemintliedster. Lisa van der Geest waard twadde, Iris van der Stelt tredde.

De measte riders en rydsters fan Jillert Anema diene net mei. Dy sitte op Tenerife foar in trainingskamp

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)