LDODK ferliest mei rom ferskil yn Sassenheim fan TOP

09 jan 2016 - 20:49

De kuorballers fan LDODK ha de earste wedstriid fan it nije jier yn de kuorbal league mei 27-18 ferlern fan TOP. Yn Sassenheim kuorballe de thúsploech makliker en oanfallend tûker as de ploech út Terwispel en De Gordyk. Healwei hie TOP al in 15-8 foarsprong. Erwin Zwart mei fiif en André Zwart mei fjouwer goals wiene de tûkste LDODK'ers. Mick Snel en Nick Pikaar, krekt as Erwin Zwart international, wiene mei syn beiden goed foar trettjin treffers.

Trefwurden: 
kuorbal Kuorbal League LDODK
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)