Sven Kramer op kampioenskoers by EK allround

Sven Kramer © awfoto.nl
Sven Kramer giet nei de earste dei oan de lieding fan it EK reedriden yn Minsk. Kramer wûn de swiere 5000 meter yn 6.19.17. Jan Blokhuijsen waard twadde yn 6.22.36 en de Belch Bart Swings tredde yn 6.24.91. Douwe de Vries waard teloarstellend trettjinde yn 6.41.56. De Vries hat wol in ekskús: hy is heal.
It poadium fan de 5 kilometer is ek de top trije yn it klassemint fan it EK allround nei ien dei. Snein komme de manlju yn aksje op de 1500 meter en de 10 kilometer. Sven Kramer kin dan syn achtste Europeeske titel pakke.
Letter waard dúdlik dat Douwe de Vries snein net mear yn aksje komt.