Geitefok bringt grutte, stiennen bal werom nei KNVB yn Zeist

Fuotbalbûn KNVB yn Zeist hat sneon de wite stiennen fuotbal weromkrige fan âldjiersploech De Geitefok fan Aldeberkeap. De bal waard flak foar de krystdagen meinaam by it haadkantoar fan de KNVB. De stunt wie bedoeld om te wizen op de minne resultaten fan Oranje fan dit jier.
De bal is werombrocht nei Zeist yn goede steat en sûnder skea. De KNVB docht gjin oanjefte en beskôget it as in âldjiersstunt.