Wüst twadde en De Jong tredde yn klassemint by EK allround

It poadium op de 3 kilometer by it EK allround yn Minsk © ANP
Ireen Wüst is sneon tredde wurden op de 3 kilometer by it EK allround yn it Wyt-Russyske Minsk. Wüst klokte in tiid fan 4.07.32 en kaam dêrmei net yn de buert fan har grutste konkurrinte Martina Sábliková. Sábliková sette de tiid stil op 4.03.79. Ek Marije Joling wist Wüst foar te bliuwen mei 4.07.14.
Antoinette de Jong begong sterk oan de wedstriid, mar foel yn de slotronden stil. Mei in tiid fan 4.09.00 einige de rydster út Rottum úteinlik dochs nock knap as fjirde.
Yn it klassemint giet Sábliková nei de earste dei fan it EK allround oan de lieding. Wüst stiet twadde, De Jong tredde en Joling fjirde.