Kollum: "FNP"

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.
"Ik wurd lid fan de FNP. Dan gean ik nei in ledegearkomste. Yn Duhoux yn Wurdum is dat altyd. Nei fiif minuten stek ik de hân op. Voorzitter, punt van orde. Ik zou graag willen dat iedereen hier het Nederlands spreekt, want ik kan uw taaltje echt niet volgen. Ik bin sá ferskriklik benijd wat foarsitter Ultsje Hosper dan dwaan sil. Mar hy komt net iens oan it wurd, want dan ha de Frysk Nasjonale Feiligensmannen my al op strjitte kwakt. En fiif sekonden dêrnei leit Ultsje njonken my. Dat is syn eigen skuld. As jo foarsitter fan in politike partij binne en jo helje dan ynienen ien fan de wêzentlike eleminten fan sa’n partij derút, watte, ít wêzentlike elemint, ja dan lizze jo samar yn de Wurdumer Buorren njonken in opruier op strjitte.
Ultsje Hosper wol fan de FNP in bredere partij meitsje. Dat mei. Dat kin ek wol. Dat wie ek al in bytsje oan de gong. Mar no slacht Ultjse wat troch. Wy binne gjin taalpartij mear, sei er. En hy ferwiet FNP-deputearre Jehannes Kramer dat dy trochgien wie yn it Frysk te praten yn in gearkomste, wylst der immen frege hie om dat yn it Hollânsk te dwaan. Ultsje, dát wie no krekt wêrom't yndertiid de FNP oprjochte is. Altyd stie der wer sa’n seur en dan moast de hiel brut him wer ferbrekke. Dat woene se net mear. Striid. En dy striid wûnen se. Dy Hollânskfregers witte no dat se yn in twatalige provinsje wenje. en dat soks de ynwenners dêrfan earnst is. Ik wit ek wol dat de Keunings, de De Jagers, de Boorsma’s, de Bareld de Vriesen en sokken de FNP it taalbelied ûntfytmanne ha en oernamen. Fryske taal krige stâl tanksij de brede polityk.
Mar krekt op dit stuit moat je goed wach wêze. CDA en PvdA ha gjin djipFriezen mear. Jannewietske wie de lêste. Johannes Kramer sit noch yn it kolleezje fan deputearre steaten om't hy neffens kollega Poepjes altyd sa “leuk Hollânske wurdsjes fertaalt yn it Frysk”.
Mar sinten leit dit kolleezje foar in bettere behearsking fan it Frysk amper op it kleed. Krekt no soe de FNP wer stean gean moatte as taalpartij. Der is safolle te dwaan. Nim de Omrop as taalynstitút mar ûnder de earm, mar ek dat dondert it kolleezje sinteleas del. Boppedat breder? Ja FNP-ers sitte no rûnom op it plús. Om't se gjin miening mear hiene. Dat hie ek gjin doel, want de echte doelen waarden dochs net helle. Doarpen ha gjin skoallen mear, gjin winkels, gjin pinautomaten, gjin tsjerken. Dat hie de FNP dochs regelje sillen. De FNP woe gjin skaalfergrutting, no alles wâdet yn grute ienheden oer ús hinne. It plattelân hoedzje, de krimp stuts de FNP links en rjochts foarby.
Wêryndiele, oer ús lyk. No, der bliuwt mar ien gemeente oer, Fryslân sels. Fryske tradysjes moat hanthavene wurde, no sels it aaisykjen wurdt ús ûnder de kont weiklaud. Ik kin noch wol in oere trochgean. It útgongspunt, federalisme, nimmen yn Den Haag wit wat dat is. Minder Den Haag, ach der bin mear lju yn Fryslân dy’t Rutte kenne as Johannes Kramer. Einst is it iennige wat de FNP yn al dy jierren berikt hat is dat se no op ynternet sitte mei www.fnp.frl. Ja, en dat is wer in taaldinkje. Want, en dat moat je ek tajaan, krekt de FNP hat fansels wol in ruk oan it taal en kultuerlibben yn Fryslân jûn, sadat it wat mear de Fryske kant op gie. Dat jout safolle lju in goed gefoel by it stimmen op de FNP. Dat makket it wer wat breder as in groepke griene behâldende lju.
It is it goede rjocht fan de FNP-ers in breed paad yn te slaan. Dat rint frij gau Fryslân út, mar net mear nei de bloedsbruorren yn Kateloanië en Wales, as it oer hâlden en dragen fan taal giet. Ek net mear oer súntsjes ideologysk oanklauwe by Skotse frijheidstriders. Dat moat se dan ferjitte, Sybren Posthumus hoecht net mear op reis. Inkeld mei Ultsje Hosper it paad oanwize wat al dy FNP-ers no rinne moatte yn in selde kânsleaze posysje wêryn't alle oare 37 partijen yn Nederlân al rinne. In breed paad sûnder ein."