Deade man en frou fûn yn hûs yn Sânhuzen

09 jan 2016 - 18:19

Yn in wente oan de IJkenweg yn Sânhuzen yn Weststellingwerf binne sneontemoarn de lichems fan in 41-jierrige man en in 34-jierrige frou fûn. It giet om de bewenners fan it hûs. In jonkje fan 5 en in famke fan 6 jier wiene ek yn it hûs. Sy binne meinaam troch de plysje en wurde opfongen. De plysje docht ûndersyk nei de saak. De deadsoarsaak is noch ûndúdlik. De plysje hâldt rekken mei alle mooglike senario's.

De plysje wie nei de wente gien neidat in famyljelid harren warskôge hie. Dy koe gjin kontakt krije mei de bewenners.

UPDATE: De lichems fan it omkommen stel binne oerbrocht nei sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten. It hûs is fersegele en wurdt bewaakt. De plysje hat ek noch de eigener fan in drone oanhâlden, omdat de man bylden makke fan de wenning. Hy hie hjir gjin fergunning foar. De plysje giet snein fierder mei it ûndersyk.

Trefwurden: 
Sânhuzen deaden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)