Fertochten fan ynbraak stean te smoken by bushalte

09 jan 2016 - 11:53

De plysje hat trije manlju oanhâlden foar besykjen ta in ynbraak yn in winkel oan de Feart Súdside yn Appelskea. Omwenners hearden in lûde klap en warskôgen de plysje. Doe't dy oankaam, ried in auto hurd fuort.

Nei in koarte achterfolging seach de plysje de auto stean, mei gjinien deryn. Yn de auto lei ynbrekkersark lykas bivakmûtsen en portofoans en twa stellen rydbewizen. Eefkes fierderop stiene trije manlju by in bushalte. Se seine dat se oan it smoken wiene.

It trijetal, twa ynwenners fan Easterwâlde en in 21-jierrige man út Appelskea, is oanhâlden. De Easterwâldsters binne letter wer frijlitten. De man út Appelskea sit noch fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
ynbraak Appelskea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)