"Jorritsma giet der al fan út dat aaisykjen ferbean wurdt"

09 jan 2016 - 10:47

It Bûn fan Fryske Fûgelbeskermingswachten fynt it spitich dat kommissaris fan de kening Jorritsma foarútrint op in beslút oer it aaisykjen. De kommissaris sei op de nijjiersresepsje dat er by in ferbod it ljipaai net op it Provinsjehûs lotterje wol, mar op it fynplak. Dan kin it aai lizzen bliuwe. Sa kin de tradysje fan it aaisykjen bestean bliuwe en bliuwt de neisoarch foar de ljip ek yn stân.

BFVW-foarsitter Algra fynt dat it derop liket dat de kommissaris der mei syn plan al fan útgiet dat it aaisykjen ferbean wurdt.

Deputearre Steaten prate meikoarten oer de fraach hoe't it fierder moat mei de aaisikerstradysje.

Trefwurden: 
BFVW John Jorritsma
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)