"CDA moat kleur bekenne"

08 jan 2016 - 21:58

It CDA moat dúdliker har kleur sjen litte, en helder wêze oer wêrom't bepaalde stânpunten ynnaam wurde. Dat sei partijfoarsitter Bert Kuiper freedtejûn op de nijjiersresepsje fan de partij.

Hy neamde ûnder oare it flechtlingedebat wêryn't de partij neffens him mear kleur sjen litte kin. Faak is it net dúdlik wêrom't in politikus of bestjoerder in bepaald stânpunt hât, en dat kin better, sa fynt Kuiper.

It CDA is yn Fryslân yn ferskate gemeenten koälysjepartij, en hat yn dy rol te krijen mei de flechtlingeproblematyk.

Trefwurden: 
CDA nijjiersresepsje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)