Auto-ûngelok by Koatstertille, gjin ferwûnen

08 jan 2016 - 21:53

Twa auto's binne freedtejûn swier skansearre rekke by in botsing op De Koaten yn Koatstertille. In buske dat fan in oprit ôfried, seach in auto oer de holle. In botsing wie it gefolch.

De ynsittenden rekken foar safier bekend net ferwûne. Troch it ûngelok wie de dyk in skoft foar in part ôfsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)