Blomkemerk Ljouwert is dit jier by it WTC-Expo

Blomkemerk by de Waach © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
De tradisjonele blomkemerk fan Ljouwert is dit jier op it terrein fan it WTC-Expo yn Ljouwert. De gemeente hat dat besletten omdat Himelfeartsdei dit jier op 5 maaie falt, Befrijingsdei. Dan is ek altiten it befrijingsfestival yn it sintrum.
Foar twa fan sokke grutte eveneminten is gjin plak yn de binnenstêd, fynt de gemeente Ljouwert. Dêrom is de blomkemerk foar ien kear op it WTC-Expo terrein. Dat is goed te berikken en der is ek genôch romte om te parkearjen.