CBS: Helte minder auto's op de dyk troch izelwaar

08 jan 2016 - 18:56
By Drachten rekken ferskate auto's fan de dyk - Foto: Gerwin de Vries, De Vries Media

It izelwaar fan de ôfrûne dagen soarge derfoar dat it tal auto's op de dyk de helte minder wie as gewoanwei. Dat hat it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) útsocht. Automobilisten krigen de ôfrûne dagen it advys om net de dyk op te gean as it net echt nedich is, en dat wie dus te fernimmen.

Op de seis sneldiken yn Fryslân, Grinslân en Drinte kamen gemiddeld 600 auto's yn de oere del. Gewoanwei binne dat der begjin jannewaris sa'n 1200.

Trefwurden: 
izel CBS ferkearsdrokte
(advertinsje)
(advertinsje)