Plysje: Doch oanjefte by auto-ynbraak
De plysje fan Drachten warskôget foar auto-ynbraken. De ôfrûne twa wiken hawwe der flink mear stellerijen út auto's west.
Om't der lykwols net altiten wat meinaam is út in auto, docht net eltsenien oanjefte fan ynbraak. De plysje rôpt minsken dy't slachtoffer wurden binne op om altiten oanjefte te dwaan.