NHL ûntwikkelet lêsprojekt foar VMBO'ers

08 jan 2016 - 16:32

Sechstich studinten fan de oplieding Learaar Nederlânsk fan de NHL Hegeskoalle wurkje mei oan in projekt dat VMBO-learlingen prikkelje moat om mear te lêzen. Oan it projekt dogge 1000 learlingen fan VMBO-skoallen út it hiele Noarden mei.

De NHL-studinten ûntwikkelje in opdrachteboek dêr't VMBO-skoallen yn de les aktyf mei oan de slach kinne, om de learlingen liniger te meitsjen mei de taal. Moandei begjint it projekt mei in grut evenemint yn Grins.

Trefwurden: 
NHL VMBO lêze
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)