GrienLinks start online petysje tsjin ljipaaisykjen

08 jan 2016 - 16:21

De steatefraksje fan GrienLinks is freed begûn mei in ynternetpetysje tsjin it ljipaaisykjen. Doel fan de webside is om de provinsje safier te krijen dat dy gjin tastimming mear jout om ljipaaien te sykjen.

Ut in ûndersyk hat koartlyn bliken dien dat it tal ljippen minder wurdt en dat is al jierren oan de gong. GrienLinks ropt de provinsje op om te besjen hoe't de tradysje fan it aaisykjen yn stân bliuwe kin, sûnder dat dat ten koste giet fan de ljip.

Dat soe bygelyks kinne troch alle oare aaien lizze te litten as it earste aai ien kear fûn is.

Trefwurden: 
GrienLinks ljipaaisykjen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)