Friesland Pop organisearret rekôrtal aktiviteiten

De band 10 to go by it himelfeartfestival op 'e Jouwer © Friesland Pop
De provinsjale talintûntwikkelingsorganisaasje Friesland Pop hat ferline jier mear as hûndert aktiviteiten organisearre. Dat is in rekôr. Der kamen ek 10.000 mear minsken ôf op de aktiviteiten.
Der kamen foaral mear minsken ôf op it talintepoadium, dêr't Fryske acts harsels sjen litte kinne. Dy optredens wiene ferspraat oer de provinsje en sels ek oer de grins, yn Rotterdam, Grins en Zoutkamp.