Scapino offisjeel fallyt ferklearre

© ANP
De rjochtbank hat skuonwinkel Scapino freed offisjeel fallyt ferklearre. It is de lêste keten fan memmebedriuw Macintosh dy't bankrot is. Earder dizze wike binne ek Dolcis, Invito, Manfield, PRO Sport en Steve Madden fallyt ferklearre.
Scapino hat achttjin winkels yn Fryslân. Dy bliuwe foarearst iepen. De kuratoaren binne noch yn petear mei mooglike nije eigeners. Se hoopje dan ek op in trochstart. Yn totaal wurkje der sa'n 2.000 minsken by Scapino.