Eardere needopfang WTC Expo wurdt klear makke foar Caravana

De Friezenhal fan WTC Expo yn Ljouwert wurdt freed klearmakke foar caravanbeurs Caravana. Alle flechtlingen binne der út. De ôfrûne moannen hawwe goed 350 flechtlingen, op it hichtepunt sels in lytse 600, hjir ûnderdak krigen yn de needopfang.
Direkteur Jan Spoelstra fan it WTC-Expo sjocht mei in goed gefoel op de needopfang werom. De grutste útdaging siet yn de katering. It wie dreech it eltsenien nei it sin te meitsjen. Al mei al is dat goed slagge, sa seit Spoelstra.
Spoelstra is goed te sprekken oer de wize wêrop't de hal oplevere is. Eins hoege allinnich de sliepferbliuwen ûntmantele te wurden. Foar de rest is alles kreas oplevere.