PostNL dwaande mei it besoargjen fan 50.000 pakketten

Nei trije dagen izel sûnder post wurdt freed foar it earst dizze wike wer post besoarge. Yn it postsortearsintrum fan PostNL by Ljouwert hawwe se it benammen drok mei de grutte stapel pakketten dy't de ôfrûne dagen net besoarge wurde koe.
Sa'n 50.000 pakketsjes moatte noch nei de bestemming. Neffens depotmanager Marcel Flapper is it dêrtroch likedrok as mei Sinteklaas en de krystdagen. Om de achterstân sa gau mooglik fuort te wurkjen hat PostNL tweintich ekstra minsken ynhierd.
Net allinnich de pakketsje bleaune in deimannich lizzen. Dat jildt ek foar de gewoane post. Freed giene de postrinners ek wer op en paad mei grôtfolle tassen fol post...