Asbest brân Haulerwyk smyt gjin gefaar op foar omjouwing

De útslaande brân oan De Slinke yn Haulerwyk © Compact Media
It asbest dat freedtemoarn betiid frijkaam by de brân yn in pleats oan De Slinke yn Haulerwyk smyt gjin gefaar op foar de omjouwing. It asbest leit ferspraat op it hiem fan de pleats. Freedtemoarn wie der in útslaande brân yn de lisboksstâl. Sântsjin fan de 25 kij hawwe it net oerlibbbe. De skea is grut, want de folsleine lisboksstâl gie ferlern.
De brânwacht koe foarkomme dat it fjoer oersloech nei de buorkerij. De bewenners kamen mei de skrik frij. Op it stuit wurdt in nij ûnderkommen socht foar de rest fan it fee.