Al 300 Fryske putsjes oanmeld by NL Doet

De Nieuweburen yn Ljouwert wurdt griener makke by in eardere NLdoet © Omrop Fryslân, Dirk Baron
By frijwilligersaksje NL Doet fan it Oranje Fonds hawwe Fryske organisaasjes en ynstellings al sa'n 300 putsjes oanmeld. Sa wol soarchynstelling De Noorderbrug yn Snits minsken mei harsensletsel mei op stap nimme nei it Dolfinarium. Dêrfoar binne frijwilligers nedich. En by folkstún De Skoatterakker op It Hearrenfean sykje se frijwilligers om te helpen.
Op de site Nldoet.nl kinne oant en mei 25 jannewaris noch putsjes oanmeld wurde. Organisaasjes kinne op syn meast 400 euro krije fan it Oranje Fonds. NL Doet is dit jier op 11 en 12 maart.