Frachtweinsjauffeur Wynjewâld belutsen by dealik ûngelok

De frachtweinsjauffeur koe de auto net mear ûntwike © De Vries Media
In man (48) út Haren is tongersdei ferstoarn nei't er op de N34 by Súdlaren tsjin in frachtwein botst wie. De sjauffeur fan de frachtauto wie in man út Wynjewâld (63). Hy kaam mei de skrik frij. De auto kaam troch noch ûnbekende oarsaak op de ferkearde kant fan de dyk en botste frontaal op de frachtwein. De automobilist ferstoar op it plak fan it ûngelok.
Troch de klap kaam de frachtauto earst yn de rjochterberm, wêrnei't er de dyk oer skeat en oan de oare kant yn de berm ta stilstân kaam.
De plysje hat gjin oanwizings dat it ûngelok te krijen hie mei de glêdens.