Huzumer bakker bringt tsientallen bôlen nei voedselbank

Bakker Jan Bruinsma yn de Ljouwerter wenwyk Huzum hat tongersdei mear as 60 bôlen nei de voedselbank brocht. Dizze bakker hat syn saak oan de Frans van Mierisstrjitte midden yn in âlde wenwyk. En dêr waard hast net struid. Dat bestjut dat der de ôfrûne dagen minder klanten kamen en folle minder produkten ferkocht binne.
En omdat je as bakker gjin nee ferkeapje wolle hat Bruinsma in soad bôle oerholden. Dy bôle hat er tongersdei sels nei de Ljouwerter voedselbank brocht.