D'âld skoalle yn Dronryp siket frijwilligers

08 jan 2016 - 07:38

Stifting d'âld skoalle út Dronryp siket frijwilligers foar it nije multyfunksjonele sintrum fan it doarp. Stifting en doarpsbelang Dronryp wolle beide dat it sintrum alle dagen iepen giet, sadat de Rypsters dêr alle dagen te plak kinne foar ferdivedaasje. It multyfunksjonele sintrum fan Dronryp is sûnt oktober iepen, mar om't der te min frijwilligers binne, kin it net altyd iepen.

Foarsitter Klaas Koopmans fan it doarpsbelang Dronryp, docht dêrom in oprop oan de Rypsters, want de minsken steane neffens him no foar de tichte doar.

Dát kin net, seit Koopmans, want Dronryp is neffens him doarp dêr't minsken op ôf komme. ''Wy binne it doarp fan Eise Eisinga en Alma Tadema. As hjir minsken komme, dan moat der ek in plak wêze om in bakje kofje te dwaan'', sa seit de foarsitter. Koopmans hopet ek dat minsken dy't wurkleas binne, reagearje op de oprop. ''Sels bin ik ek wurkleas rekke. Mar sa kinne wy ek wat betsjutte foar de mienskip en wer in netwurk opbouwe''.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)