Pleatslik Belang stribbet nei enerzjyneutraal De Harkema

De Harkema enerzjyneutraal meitsje. Dat is it doel fan Enerzjy-Koöperaasje Harkema, dy't dizze moanne útein set. De enerzjykoöperaasje sil de Harkiten in bysûnder oanbod dwaan: betelje ús fyftjin jier lang jo enerzjyrekken en wy meitsje je hûs enerzjyneutraal. De enerzjykoöperaasje wol by it útfierend wurk safolle mooglik bedriuwen en zzp'ers út eigen doarp ynskeakelje.
Dizze moanne giet de enerzjykoöperaasje yn petear mei bedriuwen dy't meidwaan wolle oan it projekt. Pleatslik Belang De Harkema hat hjir hege ferwachtingen fan.
Pleatslik Belang hopet eins dat alle Harkiten har nei ferrin fan tiid oanslute by de Enerzjy-Koöperaasje. De koöperaasje sil útein sette mei it mienskiplik ynkeapjen fan enerzjy, mar wol op termyn ek sels griene enerzjy opwekke. It is it doel om de winst dy't de koöperaasje makket wer te ynvestearjen yn eigen doarp. Sjoch foar mear ynformaasje ek op de webside fan Enerzjy-Koöperaasje Harkema.