Kij omkaam by brân yn stâl Haulerwyk

Der hat tongersdeitenacht oan De Slinke yn Haulerwyk brân west yn in lisboksstâl mei kij. In tal bisten hat it net oerlibbe. De eigener fan de buorkerij slagge der mei de brânwacht yn om in oantal kij noch te rêden. It is noch net bekend hoefolle kij deagien binne. It fjoer bruts tsjin healwei fiven út. Op it dak fan de stâl leine mooglik asbestplaten. De gemeente docht dêrom ûndersyk.
De brânwacht koe foarkomme dat it fjoer oersloech nei de buorkerij sels. De bewenners hiene neat. It fjoer wie om kertier oer fiven ûnder kontrôle.