Dokkum lansearret ynteraktive webside mei nij stedsplan

07 jan 2016 - 22:23

De nije plannen foar de binnenstêd fan Dokkum wurde dit wykein op in bysûndere wize presintearre. Net yn in boekwurk, of yn in pdf, mar op in ynteraktive webside binnenstadsvisiedokkum.nl. Dêrop kinne ynwenners fan Dokkum en omjouwing krekt sjen hoe't de gemeente Dongeradiel it sintrum fan de stêd feroarje wol.

Wichtige punten yn de binnenstedsfisy binne de ynrjochting fan De Syl en de Djipswâl en de foarmjouwing fan de tagongspoarten nei de binnenstêd lykas de Healemoannepoarte en de Aalsumerpoarte.

Op 13 jannewaris wurdt der as ferfolch op de webside in ynformaasjejûn organisearre, dêr't ynwenners útlis krije kinne oer de plannen. Hjir kinne ek noch ideeën oandrûgen wurde. Dizze reaksjes wurde sammele en tafoege oan de nije fysje, dy't oan de gemeenteried presintearre wurde sil.

Trefwurden: 
Dokkum binnenstêd
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)