Tytsjerksteradiel stelt 100.000 euro beskikber foar KH2018

07 jan 2016 - 21:59

De gemeente Tytsjerksteradiel wol 100.000 euro beskikber stelle foar Kulturele Haadstêd 2018. Organisaasjes út de gemeente dy't in nijsgjirrich projektidee ha, meitsje kâns op it jild. De gemeente wol mei it jild in stypjende rol spylje om de plannemakkerij fierder op gong te helpen.

Wethâlder Houkje Rijpstra fynt 100.000 euro foar in tal goede ideeën net in te grut bedrach. It idee fan de gemeente is om de kommende twa jier elts jier 40.000 euro beskikber te stellen en yn 2018 nochris 20.000 euro.

Op 21 jannewaris sil de gemeenteried oer it plan in beslút nimme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)