Provinsje warskôget foar glêdens yn Noardeast-Fryslân

Glêdens (argyffoto) © ANP
De provinsje Fryslân warskôget foar glêdens yn it noardeasten fan Fryslân. Op in protte plakken yn de provinsje is de temperatuer stadichoan omheech gien. De temperatuer op de dyk leit yn it noardeasten fan Fryslân lykwols noch hieltyd om it friespunt hinne. Dit soarget derfoar dat der kâns bliuwt op glêdens.
Op Skiermûntseach snijt it yntusken. Der wurde op it eilân meldings dien fan hurde wyn, dy't derfoar soarget dat der lytse sniedunen ûntsteane.