Wetterskip en Ljouwert nominearre foar bestjoerspriis

07 jan 2016 - 19:42

Wetterskip Fryslân en de gemeente Ljouwert binne nominearre foar de titel 'bêst bestjoerde desintrale oerheid 2015'. De titel makket ûnderdiel út fan in gruttere ferkiezing fan bêste bestjoerders fan it fakblêd Binnenlands Bestuur. Der binne gjin Fryske nominaasjes by de titel 'bêste lokale bestjoerder fan 2015'. 

It is foar it earst dat provinsjes, gemeenten en wetterskippen in spesjale titel fertsjinje kinne. Njonken Ljouwert en Wetterskip Fryslân, binne ûnder oare ek de gemeenten Grins, Etten-Leur en Amersfoort nominearre. 

De âld-boargemaster fan Snits, Arno Brok, no boargemaster fan Dordrecht, is nominearre yn de kategory 'bêste boargemaster 2015'. En âld-deputearre Ton Baas, no boargemaster fan Midden Drenthe, dêr't ek it doarp Oranje ûnder falt, is nominearre yn de kategory 'bêste boargemaster fan in lytse gemeente'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)