Post wurdt freed wer besoarge

07 jan 2016 - 16:54

PostNL hopet freed wer neffens it normale skema post te besoargjen. Dat slagge de ôfrûne dagen net fanwege de izel. Roupost is wol foar in grut part besoarge. As dat net koe, waarden minsken belle, yn oerlis mei neibesteanden fan minsken dy't ferstoarn binne.

De efterstallige post wurdt sa gau mooglik neibesoarge. De pakketbesoargers koene wol ridlik har wurk dwaan. De pakketten dy't lizzen bleaun binne, wurde tongersdei of freed noch besoarge.

Trefwurden: 
PostNL
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)