IIs falt fan Achmeatoer, omjouwing ôfset

07 jan 2016 - 12:54

Nei de Brandaris op Skylge is de Achmeatoer yn it sintrum fan Ljouwert no ek ôfset. Troch it teiwaar falle der stikken iis fan de toer. Meiwurkers fan de gemeente hawwe tusken de middei ôfsetlinten spand. Minsken kinne der net mear del rinne en fytse. It waait aardich hurd by de toer. Tongersdeitejûn wurdt noch mear hurde wyn ferwachte.

Oeral yn de provinsje moatte minsken rekken hâlde mei fallend iis. Yn de bosken, ûnder fiadukten op sneldiken en ûnder oare hege gebouwen kin it gefaarlik wêze. Troch it taaiwaar yn kombinaasje mei de hurde wyn, falle in soad iispylken nei ûnderen.

Trefwurden: 
Achmeatoer iis
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)