Klanten en besoargers kinne winkels net berikke troch izel

07 jan 2016 - 12:01

It is no al trije dagen tige rêstich yn de winkels. Troch it winterwaar kinne in soad klanten en besoargers de doar net út. Dat hat ekonomyske gefolgen foar de ûndernimmers, seit Hayo Galema, binnenstêdsmanager fan Ljouwert. It is neffens him yn jannewaris dochs al net sa drok. Mar no binne de klanten yn de winkels hielendal op de fingers fan ien hân te tellen.

In soad winkels binne ticht om't it personiel net op it wurk komme kin troch de izel. It is net dúdlik hoe grut oft de skea is, mar de omset sil in stik minder wêze.

De ûndernimmers hoopje dat sy de skea yn it wykein wer ynhelje kinne. Yn dizze tiid dat in soad winkels fallyt gean, kinne sy sokke rêstige dagen net brûke.

Trefwurden: 
izel winkel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)