Molkriders kinne wer by boeren del

De molke fan boeren yn Fryslân is yn de nacht fan woansdei op tongersdei wer neffens skema ophelle. Neffens direkteur Breeuwsma fan transportbedriuw Melkweg yn Boalsert hawwe de sjauffeurs 95 persint fan de molke by de boeren wei helje kinnen. Hy ferwachtet dat it de kommende oeren ek wol goed komt, as boeren it hiem mar goed skjin hawwe en de tagongsdiken wat begeanber binne.
Hjir en dêr binne noch wol plakken dêr't it min is.
Oer hoe't it tongersdeitejûn komt mei it each op de waarsferwachting, kin Breeuwsma neat sizze. "Dat wurdt in dingetje", seit er.