FIDEO: Earste weachhalzen reedride op Ryptsjerksterpolder

It koe al langer op diken en strjitten, mar de earste reedriders binne no ek sjoen op de Rypstjerksterpolder by Ljouwert. Leo Schuil en Jochem de Vries bûnen tongersdei de redens ûnder en streken oer de ûnderrûne polder. Schuil begûn min, want hy helle in kletspoat, mar hy gie dochs troch. In man en twa bern rieden ek op it iis yn de polder.
By de kanten om reedride giet goed, mar op de djippere stikken is it iis net fertroud op de polder by Ljouwert. Foar grutte groepen is it iis ek net fertroud.