Jonges oppakt foar fernielings yn Drachten
De plysje hat woansdeitemiddei yn Drachten fjouwer jonges oppakt foar fernielerij. It giet om twa jonges fan 15 jier út Drachten, in 17-jierrige plakgenoat en in jonge fan 16 jier út Easterwâlde. Sy hiene op de Langewyk yn Drachten meardere saken fernield by in gebou.
De jonges sitte fêst foar fierder ûndersyk en ferhear.