Hûn komt om by brân yn Koudum

In hûn hat de brân net oerlibbe © 112 Fryslân
Yn Koudum is fannacht in hûn omkaam by in wenningbrân. De bewenner wie op it stuit fan de brân net thús. It troffen hûs stiet oan de Mûnebuert.
By de brân kaam in soad reed frij. De brânwacht rôp op twitter buertgenoaten op ruten en doarren ticht te hâlden en fentilaasjesystemen út te skeakeljen. De wente hat in soad reek-en wetterskea oprûn.