Banketbedriuw Van de Leur oernaam troch Smilde Bakery

Van de Leur Banketspecialiteiten yn Boalsert is oernaam troch Smilde Bakery. De bedriuwen wolle tegearre wurkje om it bedriuw grutter te meitsjen. Dat wurdt neffens de direkteur hieltyd wichtiger. De bedriuwen wurkje al twa jier tegearre en dizze gearwurking is in logyske stap om't se in soad deselde ideeën hawwe. Mei yngong fan 1 jannewaris is Van de Leur Banketspecialiteiten offisjeel oernaam. De 75 wurknimmers behâlde harren baan.
As de oername klear is, stapt de hjoeddeiske direkteur Robert van de Leur nei 27 jier tsjinst op. De nije direkteur is Alex Kruiter, algemien direkteur fan Smilde Bakery. It bedriuw begûn 52 jier lyn yn Sliedrecht, mar sit no al mear as 20 jier yn Boalsert.