Steblecki ferlit Cambuur en giet nei klup yn thúslân Poalen

06 jan 2016 - 19:30

SC Cambuur nimt ôfskie fan middenfjilder Sebastian Steblecki. De 23-jierrige spiler fan Poalske komôf ferhuzet nei de klup Górnik Zabrze. It is net bekend hoefolle de Poalske klup foar Steblecki betellet.

De middenfjilder kaam yn it ôfrûne oardel jier 16 kear yn aksje foar Cambuur. Hjirby skoarde er fjouwer kear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)