Sikehuzen krije minder slachtoffers fan falpartijen

06 jan 2016 - 16:55

De Fryske sikehuzen melde woansdei frijwat minder slachtoffers fan falpartijen as tiisdei. Sa kamen by de spoedeaskjende help fan it MCL yn Ljouwert 24 minsken mei brutsen bonken, tsjin 65 op tiisdei. Yn Drachten krige Nij Smellinghe 12 minsken dy't fallen wiene, tsjin 40 op tiisdei. 

Allinnich op It Hearrefean wiene krekt wat mear ûngelokken: 18 om 16. It Antonius yn Snits hie ek wat mear drokte: tsien om sân, mar dêr wie it tiisdei neffens in wurdfierder folle minder glêd as woansdei.

Trefwurden: 
sikehûzen falpartijen izel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)