Kollum: "Alarm read"

De Toan fan Eelke Lok © Omrop Fryslân
Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op telefyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke's Weblok. 
"Hoewol sokke yngreven organisaasjes as it KNMI, Rykswettersteat en wat der sa al mear oan oerheden binne, it hillige koade read ôfjoegen en we dus allegearre fersocht waarden, nee eins twong waarden, om yn ús waarme bedsje te bliuwen, giene we der dochs op út. Ja, der wiene wichtiger saken as it eigen libben, wy moasten ommers nei de nijjiersresepsjes fan de boargemasters. Werom as we dat ek noch dogge by izel en snie mei Joast witte, mar lokkich joech Ferd de oplossing: izel en snie binne like lestich as flechtlingen sa sei er. It skynt dat Wilders doe noch frege hat hoe’t Ljouwert de snie en izel fuortwurket, mar dat trochstie Crone prima. Hy liet de kuierpaden struie troch kuierjende amtners, dan duorre it moai lang. Sa lang, doe reedried hiel Fryslân troch de Ljouwerter strjitten. Dêr boppe yn hat ien sein: dat geseur altyd oer sa’n winter en alvestêdetocht, as dy lju iis ha wolle, dan sil se it ek ha.
Ach moaie dagen. Ja wat lestich dat in op ynternet besteld pakje in pear dagen letter kaam, mar fierder. Skoallen frij. Je hoegden net mei de bern nei it konsultaasjeburo en net mei it swarte skiep fan de famylje nei de rjochtbank. De kontener hoegde net nei de dyk. En dat de molkriders net by de boer komme koene, ach de Friesland hat dochs al tefolle molke.
Oan de oare kant, je koene net echt lekker it bosk yn, want de feldwebels fan Steatsboskbehear warskôgen foar mei iis beklaaide en dus fallende takken. As we der oer in pear dagen wer komme, hinget alles noch gewoan hear. Se warskôgje inkeld efkes foar in takje wat der ôfdonderje kin. Ja dat kin ek as it in kear hurd waait, mar ja dan moat we de lju altyd út it bosk wei hâlde.
No ja en sa bin ’k dan al by myn grutte ferwûndering hoe’t de nije tiid yn elkoar sit. We bin absolút net klear foar hokker ramp der yn dizze provinsje, dit lân, dit kontinint ek wêze sil. Komt der in kwakje izel, dan ha wy stroomdipkes. Om't de stroomtuorren wat hin en wer swylje. Kin se dêr net tsjin? Ha we dy net goed boud. It wie yn 1962 en 1979 ek al sa. We ha alle stroomtriedden dochs hast yn ’e grûn, of bin de mollen der no mei oan it boartsjen. Stroomdipkes, it wurd fan 2016. Dan kin it MCL net iens mear operearje. Ha dy net in aggregaat foar soksoarte sitewaasjes. Of stiet dat aggregaat sa opsteld dat der in brokje izel op komme kin, en begjint dat ding dan te skodzjen of sa. En dan krijst dat it sikehûs yn Drachten raast: no wy kin wol operearje hear, en Ljouwert net, wy bin folle better.
No we bin hjir yn it noarden mei syn allen grutte kloatsekken. Alle saken wurde reorganisearre, grutter makke. En wat blykt, der bin hjir no te min ambulânsen. Dat is skandalich. Dêr hear je net in boargemaster oer yn dy redes oer synisme en lit we it mei ús allen dwaan. No dat wurket dus foar gjin meter.
Mar wat it alderslimste is. Mei in bytsje goede wil en in kwak jild krije we de rommel dy’t ús behoedzje of stypje moat by in ramp noch wol foar elkoar. Mar wý bin der net klear foar. Wý kin dat net. It wie moandei noch mar koade oranje (dat stiet leau’k foar dat dan inkeld it keningshûs noch oer de diken ride mei) mar doe al fergeat in man op de knop te drukken foar it alarm wat oer ús hinne jage wurdt alle earste moandeis yn de moanne om tolve oere. Dat giet dus net automatysk. Der moat in man, miskien ek wol in frou, sorry frou Liemburg, op in knopke drukke. Elke earste moandei om tolve oere middeis. En der bin lju dy’t der wach op binne. Want in heale minút oer tolven kamen de earste tweets en facebookberjochten al binnen. Hee, der is gjin alarm. Dat krij we as dus no as wiisheid mei: as der gjin alarm heard wurdt, dan is it, in hiel lyts bytsje, mar it is alarm."