Arriva: "Gean nei hûs no't it noch kin"

06 jan 2016 - 14:26

Arriva ropt reizgers op om direkt nei hûs te gean, as se noch mei de bus reizgje moatte. By it ferfiersbedriuw ride de measte bussen no noch, mar mei de warskôgings foar mear izel witte se net oft der woansdeitemiddei en -jûn noch busferfier mooglik is. "Hoe earder de reizgers op de bus stappe, des te better", seit in wurdfierder fan Arriva.

De organisaasje seit dat se har maksimaal ynsette foar de reizgers. In oantal ferbinings binne útfallen, om't it neffens de sjauffeurs op dy trajekten net ferantwurde is om te riden troch de izel.

De meast aktuele stân fan saken is te finen op de webside fan Arriva.

Trefwurden: 
Arriva izel busferfier
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)