Fleanbasis Ljouwert wurdt bystean troch piloaten Volkel

06 jan 2016 - 13:19

De fleanbasis fan Ljouwert hat troch de waarsomstannichheden de saneamde Quick Reaction Alert oerjûn oan fleanbasis Volkel yn Brabân. Izel op de grûn en wetter yn de loft soarget derfoar dat de strieljagers net fuortendaliks feilich de loft yn kinne.

Normaalwei wurdt de Quick Reaction Alert ferdield troch de fleanbasis fan Ljouwert en dy fan Volkel. It is net unyk dat Volkel de taak fan Ljouwert oernimt, mar dat it troch waarsomstannichheden komt, gebeurt net faak.

QRA

De Quick Reaction Alert (QRA) is een tige hege steat fan paraatheid, wêrby't gefjochtsfleantugen brûkt wurde om it loftrom fan de NAVO te beskermjen en dêrneist nasjonale taken út te fieren. It hâldt yn dat nei in oprop fan de loftmacht-gefjochtslieding binnen inkele minuten in oantal strieljagers de loft yn kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)