Koade Read: Libbensgefaarlike situaasjes troch izel

It KNMI hat krekt nei it middeisoere koade read ôfjûn foar de provinsje Fryslân. It waaralarm is ôfjûn fanwege glêdens as gefolch fan izel. Yn Fryslân hâldt de glêdens yn alle gefallen oan oant tongersdei.
Neffens waarman Piet Paulusma betsjut koade read dat it waarbyld libbensgefaerlik is. Koade read wurdt net samar ôfjûn. Ferskate organisaasjes hawwe dêr oerlis oer, en bepale mei-inoar dat der in koade read ôfjûn wurdt.
Ek yn Drinte en Grinslân is koade read ôfjûn. Yn de provinsjes Flevolân, Oerisel, Gelderlân en op de Waadeilannen bliuwt koade oranje fan krêft. Neffens it KNMI kin de glêdens de kommende oeren noch fierder nei it suden lûke.